Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Idoal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It swarte koe de moarn net keare,
strielen skampten oer it wite gea,
de kjeld soe har net langer deare,
want fannacht wie sy al dea.

Image

Sy hie it bêd links lizze litten
dat ûnwrikber klear lei yn it iis,
woe net fan langer lijen witte,
want de nacht wie har in griis.

Image

De maatskippij woe har net rêde:
mei in cocktail wurde ta in lyk;
doe socht se it op oare mêden,
nei de sleatswâl kaam de dyk.

Image

De froast loek ’t deadskleed oer de fearren,
strielen soargen foar de aureoal;
omdat sy moedich operearre,
seach de moarn har as idoal.

admin

Fúzje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se leine wurkleas yn it iis,
it skûtsje en de rûnfeartboat,
ferslein troch kening Winter;
beide fûnen it in griis,
sa fêstlein fielden se net minder
as har nommen by de poat.

It teiwaar friet de iislaach fuort
om ’t skûtsje en de rûnfeartboat,
befrijd fan kening Winter;
beide spuiden noch raar guod,
want harren lizzen waard net minder,
wylst allinnich ’t farren scoret.

It oerlis hie gau resultaat
fan ’t skûtsje en de rûnfeartboat
tsjin ’t sin fan kening Winter;
beide smieten ’t op ien kaart:
folsleine fúzje, ’t koe wol minder,
motorsile, dûbel snoad.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum