Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ikoan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In lytse pleats as in ikoan
fan bodzjend folk yn it ferline,
it wyt sprekt op in oare toan
fan byldzjend folk om foar te skinen.

Image

Elizabeth as in ikoan
fan bylden kommend út ‘e siele,
jout oaren de betsjutting oan,
wol hichtepunten mei har diele.

Image

Sa ljochtet op in nij ikoan
út Ruslâns ieuwenâlde boarne
dy’t streamt fan doe oer hjoed nei moarn,
oerdei de sinne, nachts de moanne.

Image

As lêste Leo as ikoan
fan tsjinner om it byld te wijen,
Immanuel wurdt sa Gods soan
om al it âlde te fernijen.

admin

Plommemêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Beide kamen se de winter troch,
de reidplom en de mêst,
de iene skraal, de oare glânzge noch
en hie fan stoarm en rein gjin lêst.

Image

Beide seagen nei de maitiid út
en fierden dy al fêst,
de plom beweegde foar in glêde tút
en hong as flagge yn de mêst.

De mêst seach dat lytsachtsjend oan,
mar koe der net foarwei,
stie alle dagen stokstiif as de troan
foar ’t Fryske tindoek simmerdeis.

De reidplom kriich in earbetoan
fan wolken as in swan,
om’t hy fleksibel wie as âlde kroan
en ’t mei de mêst besocht as span.

Image

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum