Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neiwinterdream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winterdreamen rûnen nei de ein,
mar ien hold oan, ferdreau de rêst
en wuolle my yn in petear
fan twa gesichten, dik belein
mei wol, foar harren bêst
genôch as winterpear.

Image

De jongste, rimpen, rûch yn burd en hier,
woe nei de takomst ride, want
dêr lei it Fryske keunstiis klear,
de âldste woe oars oan de swier,
yn tiid werom, de kant
út fan de ommekear.

Image

In houtsje hjir, in klapreed dêr, sa ried
ik nei de wetterpoarte ta
op keunstiis fan de âlde tocht
mei twa gesichten, mar doe liet
it siedplús los en ‘k ha
de redens boppe brocht.

Image

admin

Ikoan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In lytse pleats as in ikoan
fan bodzjend folk yn it ferline,
it wyt sprekt op in oare toan
fan byldzjend folk om foar te skinen.

Image

Elizabeth as in ikoan
fan bylden kommend út ‘e siele,
jout oaren de betsjutting oan,
wol hichtepunten mei har diele.

Image

Sa ljochtet op in nij ikoan
út Ruslâns ieuwenâlde boarne
dy’t streamt fan doe oer hjoed nei moarn,
oerdei de sinne, nachts de moanne.

Image

As lêste Leo as ikoan
fan tsjinner om it byld te wijen,
Immanuel wurdt sa Gods soan
om al it âlde te fernijen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum