Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Payer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De jierren troch hat it dêr stien,
in bouwurk mei syn rjochte hoeken,
fjouwer muorren hurd fan stien,
de fytsers trapen om syn hoeke,
stielen doarren dêr’t gjinien
de trochgong kriich om ien te brûken.

Net brûke, dan bliuwt oer it jaan
fan fleur op stiel en keale muorren,
sûnder jild is ’t net te dwaan,
dus payer hoechst net lang te stinnen
om as player mei te dwaan,
ien euro foar wol tolve stiennen.

As spiler kaam de maitiid op
dy’t keas foar doe noch keale tûken,
fleure ’t spul mei kleuren op
om nei te sjen en oan te rûken;
players hiene doe in strop,
fergees koe elk syn sinnen brûke.

Image

admin

Pinkster

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se seine om te rispjen is it fjild al wyt
sân wiken nei it Peaskefeest
en Jezus sei it harren nei,
mar leit it sa? Ik meitsje Joaden gjin ferwyt,
is ’t wollegers yn harren geast
en rint sa ek myn wei.

Image

Ik gie nei Itens om it wite fjild te sjen
sân wiken nei it Peaskefeest
en hope Jezus giet wol mei,
mar ’t foel net ta, it grize wat, ik seach gjin bern,
de útlis wie wol yn syn geast,
mar ’t gie der net omwei.

Ik rûn de Potten om, de rûte fan de feart,
sân kano’s seach ik earst
en hope op wat mear dy dei
en ’t barde sa, it wie ynienen fjurrich read,
de flammen wiene yn syn geast
en ‘k hearde: ‘Sjoch, de wei!’

Image

It waard wol sein, mar ‘k bin no ienkear gjin profeet,
dochs wike op it Pinksterfeest
wie dôvje wat earst foar my lei,
dat koe sa net. Hoewol fan wrâldferrin gjin weet,
koe ‘k wurden siedzje yn syn geast
sân wiken foar de dei.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum