Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pinkster

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se seine om te rispjen is it fjild al wyt
sân wiken nei it Peaskefeest
en Jezus sei it harren nei,
mar leit it sa? Ik meitsje Joaden gjin ferwyt,
is ’t wollegers yn harren geast
en rint sa ek myn wei.

Image

Ik gie nei Itens om it wite fjild te sjen
sân wiken nei it Peaskefeest
en hope Jezus giet wol mei,
mar ’t foel net ta, it grize wat, ik seach gjin bern,
de útlis wie wol yn syn geast,
mar ’t gie der net omwei.

Ik rûn de Potten om, de rûte fan de feart,
sân kano’s seach ik earst
en hope op wat mear dy dei
en ’t barde sa, it wie ynienen fjurrich read,
de flammen wiene yn syn geast
en ‘k hearde: ‘Sjoch, de wei!’

Image

It waard wol sein, mar ‘k bin no ienkear gjin profeet,
dochs wike op it Pinksterfeest
wie dôvje wat earst foar my lei,
dat koe sa net. Hoewol fan wrâldferrin gjin weet,
koe ‘k wurden siedzje yn syn geast
sân wiken foar de dei.

admin

Goed Freed foarby

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In dei wie al tefolle,
frjemd genôch hjit dy Goed Freed
foar al it wrâldske kwea;
in toarnkroan op ‘e holle,
spikers holden Him dêr beet.

Image

Hjir hinget Hy al jierren
foar it libben, sels foar dea,
fan kâld nei hjit, fan keal
nei rôze en flokt fan fierren
mei de bloei fan ’t maitiidsgrien.

Lykwols, hjir ien mei liken,
liket Hy wol op syn plak,
mar nee, syn stiennen lea
dy sille hjoed noch wike
foar it libben op sêft flak.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum