Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klaas Knik

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

Klaas Jansma hie as kommentaar,
guon skûtsjes sylden mei in knik,
’t gie rap mei alle wyn en waar
en ’t joech de skippers ek in kick.

It wie de striid fan rap tsjin rjocht,
de skippers strieden fûl foar rap,
tradysje hie it oars betocht
en focht tsjin elke hippe grap.

Dus kaam elk skûtsje op ‘e wâl,
wat soarge foar in protte praat:
‘Dit hip gedoch giet fierste mâl,
in test mei ’t laserapparaat!’

’t Begûn mei ’t praatsje fan Klaas Knik,
soks lei no ienkear yn syn aard:
‘Foar beide, rjocht en rap, bin ik
en foar it laserapparaat.’

Image

admin

Pier Pander

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

As skippersjonkje moast er lûke
as de wyn ûngeunstich wie,
hy seach it net as bernewurk,
mar as it om de frijheid gie,
dan siet er yn de durk.

Mei ’t mes koe hy syn apels snije
oars as om te iten, want
in rûge kop kaam foar it ljocht,
alhiel in byld nei keunstners trant,
it jonkje snie mei nocht.

Syn master seach yn Pier in houwer,
mear as lûker oan in tou,
sadwaande kriich er ûnderrjocht,
mar bleau syn apelgrûnslach trou
en duorjend wie syn nocht.

As skipperssoan de Prix de Rome,
tagelyk in drege tiid,
dy’t útrûn op in manke skonk,
dochs bleau de wrâld op tsjillen wiid
dy’t fan syn bylden blonk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum