Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de Groene Draeck 3

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kin in draak wol wêze op de Wiellen
fan Langwar, net oeral like djip?
Allinnich as in Fryske skipper
loadst it keninklike skip.

Harkjend nei de wurden fan de skipper
stjoerde Beatrix de Lemster aak
by klippen lâns en oer de djipten
ta foldwaning fan de draak.

Mar gjin draak is yn Langwar te hâlden,
doel waard doe de Middellânske See;
de fraach wie oan de Fryske skipper
oft hy mei woe nei dat stee.

’t Antwurd fan de skipper koe wol wachtsje,
hy hat oeren mei himsels oerlein,
woe oan de keninginne freegje:
‘Sile jim dan ek op snein?’

Juliana, keninklik fan tinken,
fûn de Fryske skipper út ien stik;
de draak wie lykwols net te hâlden,
dat se frege: ‘Wa bin ik?’

Kin in skipper yngean tsjin ’t gewisse
as dat suver wêze wol en djip
en draken helleflammen spuie?
Hy betanke foar de trip.

Image

 

admin

Ballade fan de Groene Draeck 2

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It keningsskip lei yn de Potten
út ‘e wei foar sneupend folk,
nijsgjirrich nei yntime bylden,
mar it lei wol yn in kolk
fan swellen boppe, ûnder rotten.

It prinslik pear socht it yntime
mei de trije bern yn ’t nêst
fier fan de fjurrich kleure draken,
flitsend jeiend op ‘e rêst
fan swellen boppe yn de skimer.

De Groene Draeck lei by de hutte
dêr’t de driften spylje op
fan geilens fjurrich as de draken,
jeiend nei de heechste top,
as rotten swaaiend mei de sturten.

Sjedêr de flecht fan ’t pearke swellen,
yn de snaffel spul foar ’t nêst
dat boud waard op ‘e geile wurden,
flitsend jeiend sûnder rêst
om ’t prinslik pear wat te fertellen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum