Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brutsen beslút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

It wie gjin waar foar Earnewâld,
dêr’t beammen heine altyd wyn,
ek hjoed, al wie it stil,
dochs sile, want it rjocht is âld;
ien skipper hie in sterke wil
en dus de gong deryn.

’t Wie Tjitte Brouwer fan Langwar,
de skipper fan it swierste skip,
dy’t wolris winne woe,
want sân jier neat wie him te bar,
te meager, dêrom fet, ferhip,
as dat no hjoed ris koe.

Fan trettjin nei it earste plak,
fan ûngelok nei ’t heechste lok,
de flagge koe dus út,
mar wylst Langwar gie út it dak,
briek Earnewâld de flaggestok,
healstok, in tryst beslút.

Image

admin

Feanhoop-sprongen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

De seilen hingje boppe ’t wâlfolk,
de Snitser mêst is skier te sjen,
mar Drachten is noch út it sicht,
de spanning is te snijen;
achterlizzers lykje al ferlern,
mar elk stiet foar syn eareplicht…
it skot mei tagelyk de reekwolk.

De seilen skowe oer de koppen,
de gong komt stadichoan deryn,
foar Drachten ek op eigen Ie,
dus no net ien mear mije;
sels al brûzje weagen, beart de wyn,
de manlju stride dat it die…
’t is dien, in klap, in blok fan boppen.

It Hearrenfean, begûn op trije,
skoot rap al op nei nûmer ien
en Grou sylt hurd fan tsien nei twa,
fan njoggen nei plak trije
hat Philips op eigen wetter dien,
mar Snits moast eins de haadpriis ha,
nei fiif fan lêst kin sprekken lije.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum