Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hert foar Swette

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat al wer net heve mocht,
de Swette as in baan by nacht
dêr’t flokkend fallen wurdt
en fierder om de streken socht
dy’t jouwe oan de helden macht,
it leafst mei ryp yn snor en burd.

Image

Noch efkes ljochte ’t filmscript op
mei barre oeren nostalgy,
in keunstke foar it folk
as kompensaasje foar de strop
dat flokkend fallen wie finy
foar wite helden op ‘e Kolk.

De tiid is ryp foar streken grien
by ’t wetter fan de Swette lâns
dy’t lokjend leit al ree,
want witte moat no elkenien
dat nei de winter komt de kâns
foar ’t hert op rûte Middelsee.

Image

admin

Peaskemoandei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wrâld lei op ‘e iere moarn foar dea,
yn wite doeken noch bewuolle,
doe’t myn stap it paad wer socht
nei wêr’t memento swalke troch dat gea
om plak te finen yn myn holle.
Yn alle sellen krong it troch,
ik seach, dat gea besloech de hiele wrâld
en wist net wêr’t de stap my brocht,
mar wat wol wis wie, ‘k libbe noch.
Ynienen briek de loft troch dizich ljocht,
omdat sels Mozes syn gesicht net seach,
syn stal wie Ien yn ’t mannichfâld,
dus fierste folle foar in minsklik each.

Image

Twa ingels, roazen yn dat Iene hôf
mei titels dy’t der wêze mochten,
wjukken rûzjend fan de ierde wei
en sjongend ’t Iene ljocht ta lof.
Ik seach it oan wylst yn myn holle fochten
memento mei wat foar my lei:
de ierde briek, it libben kaam út stof,
dêr wie de nije dei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum