Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bullguard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dy nacht koe net mear stikken,
jagen se der alles troch,
mar ien dy jage it derút;
de jongste hold de wacht, mocht kicke
op syn cola en kroketsje noch,
patatsje oarloch ta beslút.

Hy hold de wacht oer bollen,
bullguard stie op ’t wite shirt,
in earenamme foar de kick;
hy hold behalve wacht de holle
koel en hearde net de namme nerd,
behalve jong wie hy ek dik.

Dy nacht wie neat tefolle,
stikken gie it halterút,
gjin harsens wachte op ‘e bus;
de bullguard wachte wol op bollen,
mar dy loeken him it kickshirt út,
wol stikken koe syn namme dus.

Image

admin

Nei de jûn de dei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch hâldt it reid de plom omheech,
in útropteken fan de jûn
dat libbens net it leed ferjitte;
de flagge foar de helt omleech
is oan it lot fan deaden bûn.

Unthâld bliuwt net by earder stean,
rint op mei bylden fan de dei
dat libbens ek de takomst mjitte;
de fierte wiist de wei te gean,
it wite noeget flagjend mei.

De stâlen steane rjocht oerein
en stekke wite plommen op
dat libbens fan de frijheid witte;
ûneinich blau is boppe lein,
in teken dat oanhâldend ropt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum