Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kom fan Offenwier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kom nei de Offenwierster kom
dêr’t noch de âlde tsjerke stiet,
it punt fan nijs en evangeelje
mei in preek en loovjend liet,
kom dêr no nochris om…

Wol is de tsjerke noch it punt
fan bus en mannich rútbiljet
oer Noach en in eksposysje
mei tal bôgen, gjin gebed,
mar wol in bok as stunt.

Sa is it tsjerkeplak de rom
fan troch de ieuwen Offenwier,
it paad fan sûnden nei katarsis,
fan de berte, stjerrend wier,
nei einlings digikom.

Image

admin

Arkeferskaat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Omdat er nei syn opdrachtjouwer harke,
kapte hy en seage ’t hout
ta planken, wetterticht de hichte yn;
it wie út need, want Noach siet net fout
en sa ûntstie de arke.

Image

It wetter waard ta freon en oare arken
bleauwen lizzen foar de rêst;
dêrachter riisden wenten fan de grûn
op fûneminten djip en muorrefêst,
mar wol tichtby in marke.

Image

Omdat er wenje woe en ek noch farre,
net út need mar foar ’t plezier,
betocht er ’t wettertichte arkehûs
en mei it sicht op nasjonale sier
befoer er Fryslâns marren.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum