Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skipseigen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie de rôle dy’t de gong
deryn brocht en de frachten droech
oer hurde grûn,
de jeier, oer deselde boech,
dy’t rôljend hieltyd flugger gong.

It wie in bange dream dat ‘k seach
in skip dat foer de rôle yn
en hurder rûn
as op it wetter foar de wyn
en fierder rôle foar myn each.

It wie de werklikheid yn ’t ljocht
fan romte rjocht fan hoeke oan
de boegen bûn
dat ‘k seach ’t containerskip dy moarn
dat troch ’t kanaal syn rûte socht.

Image

admin

Evolúsjedream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik bin in fûgel fan de nacht
en flean mei skerpe eagen
lûdleas oer it gea;
in mûs is ’t deistich brea,
myn wiisheid ken gjin leagen,
want de libbenswet nim ik yn acht.

Image

De leagen sprekt foar master op,
de mûs neamt my in moardner
om myn deistich brea,
al rekket er dan dea,
it is no ienkear oarder
dat it stomme proaidier hat de strop.

Ik bin in slieper troch de dei,
mar sit mei skerpe earen
stil te harkjen nei
hoe’t folk de wierheid draait:
de ezel soe wol leare
fan it skiep wat dy oan dommens sei.

Image

Doe seach ik út myn hege beam
de die fan skiep en ezel
út ‘e wiisheid wei
en hoe’t dat fierder draait:
de berte fan in skezel,
mar dy evolúsje wie in dream.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum