Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Langwarder tiid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Op ‘e Wiellen like ’t skoan
mei wolken tsjin in blauwe loft,
de tiid soe ’t lykwols leare,
fjirtjin skûtsjes brûsden al in skoft,
it útstel joech al oan de toan.

Image

Op ‘e startstreek wie it mis,
want trije brûsden der al oer
foar ’t skot, wa koe it keare?
Alve skippers wiene goed, mar poer,
de loft loek ticht, wat wie noch wis?

Snits ferwiksele fan fok,
want op ‘e Wiellen like ’t min,
de wyn begûn te bearen;
op ‘e nij in start hie amper sin,
gjin skipper seach mear op ‘e klok.

Image

admin

Terhernster grinzen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Image

Wa’t oer grinzen hinnegiet,
wit: aksje ropt reaksje op,
de skoaten oan, de dekken wiet,
noch efkes fierder, dan de strop.

Mar los kaam doe de skoat,
gjin man oer ’t Grouster board.

Trije skûtsjes oer de grins
fan ’t striidfjild om wat hegerop
te kommen, want dat wie de tins…
it koe feroarje yn in strop.

It kaam net ta ’t protest,
de trije fûnen ’t bêst.

Huzum hie gjin reef deryn,
wie ’t oer de grins of krekt dêrfoar?
De mêst bejoech it troch de wyn,
mar loek oer ’t dek gjin bluodrich spoar.

Ferwûne waard gjin mins,
dêr lei de krekte grins.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum