Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bea mei bylden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wat kin ik fierder sizze
as bidde mei in byld:
Wês hoeder fan jo folk
dat libbet yn it wâld yn ’t wyld
en lied it nei in fruchtber fjild
foar ’t weidzjen om dêrnei te lizzen.

De folken sille komme
om ’t weidzjen oan te sjen;
berôve fan har krêft
ha sy foargoed it pleit ferlern;
as slangen, kronkeljend oer ’t fjild,
ha sy oars net as stof ynnommen.

Wat kin ik oars noch sizze
as tankje mei in byld:
de weagen fan de see
ha alle kwea derûnder spield;
it folk tsjocht op nei ’t iepen fjild
dêr’t ieuwenâlde woartels lizze.

Ikoan ‘Profeet Micha’

admin

Klacht fan Micha

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Profeet bin ik, mar moedeleas,
in leech gefoel fan nei de plôk
as beam of strúk gjin frucht mear hat;
de kiel waard my fan ’t praten heas,
mar gjin beweging, mei gjin stôk.

Bewege mei de fuotten wol,
se sitte achter oaren oan;
en mei de hannen foar smoarch jild,
se ha de mûle derfan fol
en blaze fan har hege troan.

Fertrouwe kinst gjin minske mear,
gjin buorman, sels gjin bêste maat,
de soan ferachtet djip syn heit,
tsjin mem spant slim de dochter gear,
yn ’t eigen hûs bloeit op de haat.

Profeet bin ik, net sûnder moed,
mei hease kiel brocht ik it wurd
dat fan de Iene tsjûge hat;
Hy hellet my wol út ‘e noed,
syn namme wurdt yn ’t lân wer grut.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Micha’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum