Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rûn protest

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It jout it byld fan rjochte hoeken,
saaklikheid yn hurd beton,
fan iepen finsters sûnder sicht,
de leechte fan in djip balkon,
in plak om te misbrûken.

Se brûkten inkeld rûne boarden
fan wyt plastic, in flaubyt
yn ’t ûndergrûnske as protest
tsjin ’t byld dat as in bunker stiet,
sa hawwe se har warre.

Dêr ride se no fleurich hinne,
tandemfytsers yn it rûn,
stielstrieljend blau fan ’t romme sicht,
de wrâld út oer de griene grûn
as byld fan rûnom sinne.

Image

admin

Solist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat is in bist allinnich
mei dy twa ferealen achter him?
Hy heart de hiele dei dy stim
fan bist solist, in blaffend bist,
nee wier, hy is net sinnich.

Image

Sjedêr, al wer in tandem
as twa sielen op ien stielen fyts,
it hiem is harren fierste lyts,
dus fleanend fluch by dy solist
lâns as in team fan standing.

Hy is ynienen sinnich
as er har dêr gnizend sitten sjocht
en wylst de rêch komt yn in bocht,
blaft hy beret as optimist,
ja wier, dan mar allinnich.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum