Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spoaren út ‘e tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se ha it lijen hân,
mei ’t skerpe fan in tel
wie ’t skrinen rûnom fel,
dochs hold de rige stân.

As spoaren fan in tiid
fan bloei en ripe frucht
klinkt oer it fjild de sucht:
wol skeind, mar ’t útsicht wiid.

Sjoch dan it wide wetter
as in dûns rûnom it skip
dat fuortglydt ta in stip,
it spoar komt efkes letter.

Gjin spoar bliuwt lang yn stân,
de wite dûns wurdt flak,
de rige hâldt gjin plak,
sa lizze mar en lân.

Image

admin

Muzeman

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se neamden him de muzeman,
want fan de keunsten moast er ’t ha,
loek wiidút syn harmoanika,
it dichtsjen koe er ek wat fan
en linich wied er derop ta.

Image

De toer hied er in hekel oan,
want klokken moast er neat fan ha,
oerstimden syn harmoanika
dy’t rekke fan de wize toan,
want wiisheid naam er derop ta.

Image

Hy dichte foar mynhear pastoar
in liet fan wêr moat dit op ta
en loek oan syn harmoanika,
wylst song it hiele tsjerkekoar:
‘Fan leechrin moat de man it ha.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum