Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Haggai

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Haggai, in man op jierren,
seach de púnheap fan Jeruzalem,
de Godsstêd sûnder timpel;
it folk kaam út ‘e ballingskip werom…
wa soe de wierheid iepenbierje?

Haggai hie sjoen as jonkje
hoe’t de flammen hiel Jeruzalem
ferbrânde, ek de timpel;
’t folk gie yn ballingskip, de rêgen krom,
út rekke doe it lêste fonkje.

Haggai woe it wol witte,
harke mei sân earen nei in stim:
‘Profeet wurdst fan de timpel,
myn folk keart him wer nei de Iene om
en sil de goaden sjitte litte.’

Byld ‘Profeet Haggai’

admin

Harkje en jubelje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wol harkje nei in oare tiid,
want suver wurdt de taal fan folken
dy’t earder balten flok nei flok,
sy komme mei har jeften, wiid en siid
wurdt lûd de ear fan God fertolke.

Wol harkje nei deemoedich folk,
syn mûle hat gjin falske tonge,
gjin leagen lûkt as mist oer ’t lok,
gjin ûnrjocht driuwt oer ’t lân as tongerwolk,
dat folk sil foar de Heare sjonge.

Wol jubelje, hiel Israel,
kwea silsto net mear ûnderfine,
yn dyn fermidden is de Hear;
wa’t optein sjongt datst bist by Him yn tel,
foar dy sil ’t ljocht fan folken skine.

* Panielskildering ‘Profeet Sefanja’ (sirka 1900)
Sint Paneratius, ’s Heerenberg

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum