Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De spot fan Brutus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Janz. Quast*

Image

Sjoch hjir it spul op it toaniel
dat foar ’t publyk te sizzen hat
hoe’t ûnderdrukking fielt
en hoe’t dy wurdt bespot.

Se spylje nei: ’t Romeinske ryk
fan foarst Tarquinius, tiran
dy’t makke mannich lyk,
dêr sit er op ’t balkon.

Sjoch, Brutus hâldt in spegel foar
sa’t hy heech op ‘e skouders stiet
fan blanke en fan moar,
foar him gjin ûnderskied.

It spul slacht ek op eigen tiid
doe’t Spanje baas wie yn ús lân
dat nei in fûle striid
ferbriek de hearskersbân.

Hoewol’t it noch gjin frede wie,
wol wapenstilstân, tolve jier,
wie Brutus út ‘e rie:
syn spotspul rikte fier.

Image

* Pieter Janz. Quast (1606-1647),
in Frânske grafikus, skildere ek
sjenrestikken en boereselskippen
mei persoanen as karikatueren.


admin

Kearde tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Ik wie derby dy dei fan pracht en preal
en naam de kleuren yn de troanseal op
fan ’t geastlik hear en hearen fan de steat;
de tsaar en de tsarina as in peal
sa rjocht de rêch en flink foarút it krop
beskôgen dit as wie de tiid hjoed keard:
de kroanen hongen boppe hollen eal
fan heech komôf en plechtich klonk de rop:
‘Jo wurde inte as de nije leat!’

Image

De sfear fan spanning ha ‘k dy jûntiid preaun,
ferwoeden en fol grime op ‘e tsaar
dy’t út ‘e hichte fan syn goadetroan
it bitend sâlt yn iepen wûnen treaun
hie fan it Russysk folk yn hûnewaar,
mar sjoch hoe’t dêr it fjurrich wurd slacht oan
yn harsens dy’t, fan revolúsje gleon,
bespylje sille fan it folk de snaar
fan kom, tsjoch op, foar ús de nije moarn!

Ik wie der net dy moarntiid, kil en feal,
doe’t kûgels skeaten op befel troch krop
en rêch, ûnttroane, want de tiid wie keard.

* Ilja Repin (1844-1900) is ien fan de belangrykste
Russyske skilders yn it realistyske sjenre.
Hy hat ferskillende episoades út ‘e Russyske skiednis
skildere, lykas ‘De kroaning fan Nikolaas II
en grutfoarstinne Alexandra Fedorovna’
en ‘De gearkomste’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum