Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eksekúsje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco Goya*

Image

Wat ha ik noch te sizzen
yn de alderlêste tel?
It bin ien út it sljochte folk,
in Spanjaard sûnder franje,
libjend, fjochtsjend, haatsjend like fel,
want Napoleon sil lizze
troch de grime fan myn dolk
dy’t stekt him djipper yn de hel.
Dit ha ik noch te sizzen:
lang libje Spanje!

Image

Mei it teken yn de hân,
it stigma fan syn striid,
stiek dizze kristus ta,
syn lea as ûnderpân
yn ’t fjurjen, ’t wie syn tiid.

Image

It fljocht foarby de eagen
yn de alderlêste tel:
in libben as in prins gelyk
fan Eastenryk nei ’t fiere
Meksiko as keizer yn de sel,
want Napoleon syn leagen
makket daliks my ta lyk,
o Kristus, sparje my de hel.
Dit ha ik noch foar eagen:
lang libje Eastenryk!

Image

Mei in teken om de krún,
de aura fan syn wil,
seach dizze kristus fier
de bloei fan Edens tún
yn ’t fjurjen, ’t waard doe stil.

* Francisco Goya (1746-1828)
hat in rige etsen makke en
it skilderij ‘De tredde maaie 1808′
oer de ferskrikkings fan de oarloch,
doe’t de troepen fan Napoleon
tusken 1808 en 1814 yn Spanje
húsholden.

** Edouard Manet (1832-1883)
skildere de ‘Eksekúsje fan keizer
Maksimiliaan’ fan Meksiko yn 1867,
dy’t troch keizer Napoleon III
yn de steek litten waard.


admin

Geast fan de revolúsje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Dêr leit it boadskip op ‘e flier
foar boeren yn har skier bestean:
de revolúsje jout it lân en brea
om lichter troch de tiid te gean
mei ljochte geast en rjochte lea,
it keallet mei de tsaar te swier.

Dêr stean ik dan, de earmen bûn,
jim boeren setten my foar peal,
de lea allinne, want myn geast bliuwt sûn,
mar dy fan jim bestiet mar heal.

It boadskip ljochtet yn de sel
foar revolúsjonêr yn noed
dy’t sljochte boeren yn betizing brocht,
mar wa’t betrout op Kristus’ bloed
en bychtet wat er fûl befocht,
sjocht net it ljochtsjen fan de hel.

Dêr sit ik dan, de earmen del,
do pope, lit it krús mei rêst,
myn lea dy falle, mar de geast bliuwt fel,
ik hâld oan myn prinsipes fêst.

Image

* Ilja Repin (1844-1930) wie ien fan
de belangrykste Russyske skilders
út it twadde part fan de njoggentjinde ieu.
Hy wurdt wol de Rembrandt fan Ruslân
neamd.
Repin sympatisearre mei de yntellektuelen
dy’t nei it plattelân teagen om de boeren
har revolúsjonêr boadskip te bringen.
Hy skildere ûnder oare:
‘Arrestaasje fan in propagandist’ en
‘Wegering fan de bycht’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum