Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De Ielannen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As lân troch wetter is omseame
en drinkt him fol foar groei en bloei,
dan sil men dat it Ielân neame,
gebiet om krêften op te dwaan,
oase dêr’t de boarnen streame.

As krêften hieltyd minder wurde,
de bloei ferwurdt ta ronflich blêd,
de pit wurdt weak, de bast ferhurdet,
dan sil it libben him bejaan
it Ielân yn foar syn beskutting.

It hoefblêd oan de wetterrâne,
dat earder stie yn folle bloei,
it spegelet no wat leit oan bannen
fan libbensein op bêd en stoel,
beskutting achter Ie, har eilân.

Image

admin

De beam en de boom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Troch woartels fêstlein yn de grûn
stiet jierren al de beam by ’t spoar
as wachter op ‘e trein fan moarns
betiid oant yn de lette jûn,
allinnich yn beweging brocht
as ’t waait en blêden mei elkoar
besykje út te rûzjen sljocht
en rjocht noch boppe ’t izerkoar
fan ratteltsjillen op ‘e rails
en ’t rinkeljen by ’t reade ljocht,
dat mannich kearen op in dei
syn kleur by ’t read fan bomen docht
yn konkurrinsje mei de beam,
dy’t yn de hjerst syn blêden fraai
ferkleurje lit, al jierren dreamt
fan stoarmige beweging mei
it read fan blêden tagelyk,
yn konkurrinsje mei de boom,
’t dilemma fan de beam gelyk
oan hjerstige natuer foaroer
de keale boom as autonoom.

Image

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum