Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gods own country

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frederic Edwin Church*

Image

De skilder mei de namme fan Gods hûs
joech wer Amearika as ’t hôf fan Eden,
de jûntiid sûnder weach of rûs,
’t ûnthjitten lân fan inkeld frede.

Mar as de hjitte skroeide ’t droege gea
of strange froast lei ’t wetter as in spegel,
dan riisde út it hûs de bea:
‘O God, bring ’t paradys op regel.’

Fansels, God harke nei syn stenograaf,
want wêr op ierde lei it hôf fan Eden
sa moai as yn it lân dat braaf
de do besong mei rjocht en reden?

Dêr fleach er op ‘e wjukken fan de earn:
George Washington mei op it skouder ’t wapen
dat smiet granaten foar ’t bestean
fan Eden mei de streke lape.

Image
**

* Frederic Edwin Church (1826-1900)
wie in Amerikaanske lânskipsskilder,
dy’t de natuer op ‘e wize fan it
romantysk klassisisme werjoech.

** Vitaly Komar (1943) en Alex Melamid (1945),
twa fan oarsprong Russyske skilders dy’t yn 1978
nei de Feriene Steaten emigrearren, ha yn
oparbeidzjen ‘Oermacht yn de flecht’ skildere.


admin

Jeremia

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt van Rijn*

Image

Gjin matearje koe him helpe,
gouden fetten út ‘e timpel wei,
de treast fan ’t skreaune Wurd dêr’t lei
syn earm op mei it bûnt fan ’t kleed,
syn bleate foet op franje, leed
dat djipgeand streamde, net te stelpen.

Jeremia, kleiend doemprofeet
dy’t Sions folk de wierheid sei
fan kear jim op ‘e ûnheilswei
fan delgeand rinne op ‘e non,
want winnend komt al Babylon,
jim bringend nederlaach en need.

Wat betsjut dan noch matearje,
houten poarte yn it fjoer
dat sloech op Jeremia oer
en brânde alle hope fuort,
ta jiske waard syn opgeand wurd:
wat koe him djipper noch benearje?

* Rembrandt van Rijn (1606-1669)
wie ien fan de belangrykste skilders
yn de santjinde ieu.
Doe’t er 24 jier wie, skildere er
‘Jeremia dy’t treure oer de ûndergong
fan Jeruzalem’ (586 foar Kristus).


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum