Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Let yn byld

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Image

Se wiene beide net yn byld:
de liuw en likemin Emanuel*,
dochs hiene se wol syld
en nei de finish punten teld.

Op Ljouwert wisten se it net,
’t gie min, se sylden yn de middenmoat,
de foarein wie beset,
de twivel sloep by har oan board.

Gjin konkurrint foer yn de kop,
sadat de liuw bleau net oan twivel bûn,
de flagge koe yn top,
want Ljouwert wie al kampioen.

It wie foar ’t earst dit skûtsjejier
dat Earnewâld foer wis en fier derút,
’t jûchhei foel net sa swier,
noch lichter fielde doe de tút.

Image

* Namme fan it Earnewâldster skûtsje

admin

Ald Lemster liet

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Hy woe net mear of ’t koe net mear,
wa soe it op De Lemmer sizze?
Fuort wie Jelles* rom en ear,
hy koe dy beide mar min misse.

Hy wie mar skipper foar ien jier,
ferfanger fan ferneamde Jelle,
Peke** die it foar de sier,
sa woe De Lemmer graach fertelle.

Image

Hoe’t striid op eigen wetter giet,
dat moast De Lemmer eins wol witte,
Peke song it âlde liet,
hy koe him mei de bêsten mjitte.

Hy woe it wol en ’t koe ek wol,
De Lemmer seach him rjochtop sitten:
Jelle hie opnij in rol
op ’t liuwke sûnder sâlt te switten.

Image

* Jelle Reyenga
** Peke Ritsma

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum