Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wol farre

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ‘Hoop op Wolfeart’ leit bewuolle
yn de snie, de swurden heech,
om’t iis it skip yn de besnijing hat,
te ier, it rom is noch net leech,
fan hoop op wolfeart doocht gjin spat,
dy is alhiel ta iis bekuolle.

Image
Foto út ‘Lemster skûtsje’
troch Klaas Jansma en Marten Sandburg

De Snitser Pan is rynsk ferljochte
troch op ’t dek de snie, foar sier
it seilplan en ’t ferneamde stedssymboal,
gjin swurd en roer om foar yn ’t spier,
it skipsfolk leit noch yn it hoal
en dreamt, foar moarn teiwaar berjochten.

Image

Gjin skûtsje is foar iiswaar makke,
kriget foar de sier gjin priis,
wurdt simmers sierd mei seil en roer en swurd
en wol dan farre, eigenwiis,
want hoopje hoecht net, ’t giet om hurd
en ien foar ien de oaren pakke.

Image

admin

Driuw

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It âlde jier wurdt jûn wer romme
troch it driuwend moed mei fjoer
en knal, der wurdt noch ien op nommen,
’t nije boert en klinkt tsien kear bot stoer.

Image

Lit net de dage my ûntkomme,
‘k hjit dy wolkom as de miuw,
want alle dagen dy’t noch komme,
driuwe oer en freegje om myn driuw.

Image

‘k Sjoch nei de miuw foar ynspiraasje,
flean en saai op ’t moarnsread del,
stek oan myn fear en driuw mei graasje
foar in slokje nei de dichterswel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum