Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rûne rite

Keunst
PDF Print E-mail
M.C. Escher*

Image

Wa is bern út wa?
De swarte út ‘e wite
of de wite út ‘e swarte?
Wjukjend op elkoarren ta
gean sy de rûne rite
wittend hoe’t se moatte.

Fûgels wolle ha
in licht en rûzjend fleanen
sûnder soarch oer stoarten,
wylst de fisken happe ta
omdat se derfoar geane
’t libben yn te koarten.

’t Antwurd fan Goya:
‘Ik ha de oarloch werjûn,
rûne rite fan it lijen
mei de dea der faak op ta,
de rjochte wei net wer fûn
wjukjend nei ’t befrijen.’

Image
Francisco Goya**

* M.C. Escher, in master
yn grafyske oergongen
fan tsjinstelden,
neamde dit keunstwurk
‘Predestinaasje’.

** Francisco Goya (1746-1828)
hat in rige etsen makke oer
de ferskrikkings fan de oarloch,
doe’t de troepen fan Napoleon
tusken 1808 en 1814 yn Spanje
húsholden.


admin

De joadske breid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt van Rijn*

Image

Hy leit de rjochterhân by har op ’t boarst,
de linker giet beskermjend nei it skouder,
gouden earm dy’t by har leafderead goed past,
liedt rap har klop nei eigen bûnzjend hert,
want hjoed wurdt hy foargoed har hâlder:
brêgeman en breid foar joadske wet.

Is ’t Jakob, skieppehoeder,
fjirtjin jier foar har yn ’t spier,
syn Rachel en syn grut ferlet?
Of Boaz, heareboer út
Betlehem, dy’t wit fan fier
komt Ruth, mar neier is der net?
Of kening Ahasfearos
dy’t, ferbline troch de sier,
joadinne Ester pakt by ’t hert?
Der binne tûzen fragen,
’t antwurd dat is libjend wier,
ha skilders yn de kleuren set.

Hy tutet har hertstochtlik op it boarst,
de wale fljocht as fûgel har op ’t skouder,
blauwe earm dy’t by har suver wyt goed past,
fielt klop nei klop as ’t ritme fan syn hert,
dat blommen spatte út ‘e hâlder:
brêgeman en breid foar joadske wet.

Image
Marc Chagall**

* Rembrandt van Rijn (1606-1669), de ferneamdste skilder
fan Nederlân út ‘e santjinde ieu, paste it clair-obscur
op in protte fan syn doeken ta.

** Marc Chagall (1887-1985), berne yn Ruslân,
hat yn syn lange libben in protte keunstwurken makke:
skilderijen, etsen, keramyk, plastyk en glês-yn-lead
finsters.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum