Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winterwalen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Akseli Gallen-Kallela

It hege Finlân mei ferhalen
fan it tsjuster, bosk, de snie
wol harkje nei de inkeling
as streekje streekjend lykas hie
hy om de winterwale.

Image

Doe’t juster Fryslân falsk ferhelle
fan in strieljend wite dei,
foarsei de treurwylch, inkeld dy,
dat hjoed de ein ferwisket wei
yn walen net te tellen.

Image

Beharkje dêrom hjoed ferhalen
fan de jierren lang ferlyn
dat elkenien as inkeling
befocht de snijend hurde wyn
yn net te tellen walen.

admin

Yn ’t fizier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It fizier is rjochte op ‘e hope
op in winter wiis mei iis,
heint yn de rûnte ’t wyt fan snie
of ryp, de preemje of de priis,
de sniebal of de heldedie.

It begjin kin Snitser sprekken lije,
want de Swette leit al ticht,
it âlde trekpaad heinde snie,
mar is it inkeld foar ’t gesicht
en snijt hjir ûnder held en die?

Image

Smjunten kinne ’t eine-antwurd fluitsje,
har fizieren ljochtsje op:
‘Wy heine leaver snie as iis
en ha in wekker yn de kop
foar ’t wek, ús heldedie en priis.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum