Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stedsflecht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin spoar op ’t paad, in sniewyt bêd,
dat tusken parallelle kanten leit,
in rêstplak foar de wurge holle;
yn de fierte leit de brêge
dy’t al moannen net mear draait,
is dit de stêd?

Image

De fierte lit in oar byld sjen:
twa parallelle spoaren oer de dyk,
yn dit ferbân wol ien tefolle;
stappen stean foar rjochte rêgen,
mar dy krije net gelyk,
wat giet ferlern?

Image

De loft is leech en lit ferlies
sjen fan ’t gaotysk, kriezjend miuwefolk,
in flecht dy’t winternachten wolle;
klomjend by de opklapbrêge
yn de stêd driuwt as in wolk
de flecht oer ’t iis.

Image

admin

Suvere klimaks

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie wer snein en ’t hie wer snijd,
de stilte song yn ’t wyt my ta
dat hjoed it wolris heve koe,
ik wist net wat, dus wie ‘k benijd,
mar earst it paad, dat hearde sa.

It eigen paad, dêr gie ik foar,
mar doe kaam stap foar stap in print,
de spanning wat it wurde soe;
flak achter ’t glês rûn ek in spoar
fan strjitgeweld, ’t wie mar in hint.

Image

Foar ’t klokgeweld wie ’t te betiid,
de slieper hie noch efkes rêst,
gjin spanning oer wat God hjoed woe;
de wrâld mocht trochgean mei de striid,
it libben rûn noch net nei ’t lêst.

Sjedêr de fierte, Offenwier,
ik helle it wat tichterby,
in byld fan skiep en wein, wist doe
hoe’t minsken hiene fan it dier:
in eigen honk en suver frij.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum