Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gefoelsbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe kinne âlden swije
oer de freugde fan de berte
fan har eigen libbenssin?
Sy ha it bûten setten,
Ilse mar dan ek Marije.

De freugde is ferbylde
yn de fûgel fan it barren,
’t heechste fan de minskeflecht;
foar altyd wurdt bewarre
wat se by de berte fielden.

En kinne âlden swije
oer ’t fertriet by ’t skrinend stjerren
fan wa’t sin joech oan ’t bestean?
Se ha har oppenearre,
byld jûn oan har dochters lijen.

In djip fertriet bleau achter,
dûbelbyld fan stien en misse
fan Deborah’s libbenssin;
foar altyd sil se lizze
mei flak boppe har har wachter.

Image

admin

Goadegong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Is ’t in wûnder dat ús foarfaars
leauden yn de sinne as de god
fan ’t ljocht yn har ûnwis bestean?
De sirkelgong besleat oer ’t lot
fan harren gong of deastil stean.

Image

Alles wiisde nei de sinne,
rizend út ‘e dize fan de moarn
en ‘k leaude deastil yn de god
fan ’t wûnder dy’t, noch lang net stoarn,
fertelde fan syn draaiend lot.

Image

Efkes tocht ik dat in poarte
noege om yn ’t strieljen op te gean,
mar ’t donker fan it beamteguod
feroare ’t sicht om te ferstean
dat ‘k stie en fluitsjend rûn ik fuort.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum