Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Langstme nei de dea

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Léon Bonnat*

Image

Job koe op ’t lêst der net mear oer,
ferwinske earst syn bertedei
en doe de nacht dat hy it ljocht seach,
dy beide telden net mear mei
en leine yn in ivich tsjuster,
rêst mar sûnder doer.

Doe spriek Job oer in iere dea,
in miskream dêr’t gjinien fan wit
of stoarn nei ’t heinen yn de skurte,
dan hie hy letter net mear lit…
de deade wit fan hjoed noch juster,
men feroaret nea.

Job frege oer de sin fan ljocht
foar ien dy’t net mear libje wol
en stiet jûchheiend by de kûle,
want is de lijensbeker fol,
it iten wurdt de minske bjuster,
stjerre is dan rjocht.

* Léon Bonnat (1833-1922)
Skilderij ‘Job’

admin

Ut freonskip ûnderweis

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Job hie trije maten:
Bilhad, Elifaz en Sofar
kamen oan de weet
dat syn bedriuw wie wei,
sy praten oer syn leed.

Mei har trijen reizgen
Bilhad, Elifaz en Sofar
nei it lân fan need;
begrutsjen brocht elk mei,
it praat gie oer syn leed.

Ut ‘e fierte seagen
Bilhad, Elifaz en Sofar
Job bleat yn it stof;
de ein wie derfan wei,
’t wie ’t leed dat harren trof.

Droege moude struiden
Bilhad, Elifaz en Sofar
fan fertriet op ’t hier;
de skuorde mantel lei
nêst har, troch ’t lijen skier.

Om Job hinne sieten
Bilhad, Elifaz en Sofar
dagen, nachten… seis;
sa wie de freonskip mei
syn lijen ûnderweis.

Image

Yllustraasje ‘Job en syn freonen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum