Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Unheilsboades

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan William Blake**

Image

Sjaloom, dêr sit er foar syn wente,
Job, de heit fan tsien,
dy’t by de âldste ’t libben fiere;
hy hat foar har syn plicht al dien,
no giet syn hert nei alle dieren.

Wat no, in feint dy’t rint as boade,
hymjend ropt oer kij,
it ek hat oer de ezelinnen;
Sabeeërs joegen har derby
en lieten ’t fee as eigen rinne.

Sjedêr, in twadde feint as boade,
roppend oer it fjoer
dat alle lytsfee rap fertarde;
gjin skiep of geit bleau doe noch oer,
de hoeders koene har net warre.

Image

Noch ien, dêr hast de tredde boade
mei in min berjocht:
Chaldeeërs stielen de kamielen,
it joech neat dat in jongfeint focht,
se lieten him de skerpte fiele.

Net mear, dêr is dan al de fjirde
mei wat snijt troch ’t hert,
want koe wol ien sa’n stoarm oerlibje?
De tsien oan ’t feestmiel slagge ’t net…
wêr moat in heit dan noch nei stribje?

Neaken bin ik op ‘e ierde kommen,
neaken gean ik ek werom,
de Hear hat jûn, de Hear hat nommen,
syn Namme jou ik alle rom.

Image

* Yllustraasje ‘Job en syn húshâlding’

** William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Boade mei ûnheilstiding’
Yllustraasje ‘Jobs soannen en dochters komme om’

admin

God en satan oer Job

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Blake*

Gjin heger dei as fan it hof
fan God: de ingels foar syn troan
mei satan ek yn it fermidden;
foar’t de steurder spriek op hege toan,
besongen ingels lûd Gods lof.

‘Ik swalke hiel de ierde oer,’
sei satan op ‘e fraach fan God,
dy’t dêrnei opspriek oer it dwaan en
litten fan syn tsjinstfeint Job, it wat
en hoe wie klear, fan lange doer.

‘Gjin wûnder, as de dei sa klear,’
sei satan, ‘want hy hat it bêst
mei syn besit en jo beskerming,
mar besoargje jo him lêst nei lêst,
dan hat er gjin fertrouwen mear.’

God joech doe Job oan satan oer
as hie Hy gjin ûntferming,
mar it wie net fan sa’n lange doer.

Image

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Satan oer Job’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum