Willem Tjerkstra’s thússide
admin

SWH-coach

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

It lytste skûtsje fan de float,
de SWH, wie earder kampioen,
de tiid fan de tradysje,
dus hie it as in treintsje rûn
en moast it oars oan board.

De skipper moast as fuotbalcoach
de spilers hifkje en wa’t net foldie,
ferfange, gjin tradysje,
mar wol modern, rap út ‘e rie,
de echte skûtsjekoarts.

De helte waard de wacht oansein,
ek Albert Salverda, in fearnsieu trou,
syn heit hold fan tradysje
as yn in houlik, man en frou,
dat rûn ek as in trein.

De coach hie al de boei op ’t each,
der brûzjend skerp op oan as nûmer ien,
DE as de tradysje;
it waard dat jier in plakje tsien,
mar dochs… it skûtsje fleach.

Image

Foto’s út Skûtsjejournaal 1998 en 1999

admin

Gods Wurd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Blake*

Image

Ynienen wie de loft belutsen,
wjerljocht flitste by de wolken lâns,
God sels spriek yn de tongerklappen,
dat Job rekke út balâns,
waard ûnder ’t Wurd bedutsen:

‘Wiesto al by de earste dagen
doe’t de ierde kriich in geef gesicht
nei ’t lizzen fan de fûneminten?
’t Skeppingswurd as in gedicht,
’t wie goed, hat doe ien klage?

Witsto de gong fan alle dieren,
wylde ezel, berchgeit en it hart,
sy drave oer har eigen paden,
witte Wa’t har skepen hat,
sterk binne noch de spieren.

It nylhoars, kenst syn dwaan en litten?
Dik fan hûd en spand de stikken bil,
it masterstik fan hiel de skepping;
dan swimt dêr de krokodil,
in bist fan mânske mjitte.’

Doe wie Job stil,
soe hy de wierheid witte?

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘God sprekt’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum