Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin bruorremoard

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

Meastal sjocht de skipper fier foarút,
omdat de finish foar de foarstaach leit,
de streek fan ’t skot, dy’t ropt fan kom,
mar as in skip de septer swaait,
dan sjocht de stjoerman achterom.

Douwe* sjocht it seil fan ’t Grouster skip
net mear, allinnich noch de keale mêst
en boppe-yn syn namgenoat,
dy makket fluch in sluting fêst,
dan sylt Doarp Grou wer yn de float.

Image

Douwe hat doe net de oanslach sjoen
op Grou fan Drachten mei syn lange gyk,
dêrby ’t protest as bruorremoard**,
wat krekt net útrûn op in lyk…
de streek fan ’t skot en feest oan board.

* Douwe Visser
** Berend Mink fan Grou
Jehannes Mink fan Drachten

admin

Bliksem op Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

De earste kin de lêste wurde
as it waar de mjitte slacht,
de dei feroaret yn de nacht
en skokken sjitte troch de swurden.

As tongerwolken ’t swurk besette,
flitsen fleane oer de mar,
de waarrie rekket yn de war,
dan hearskje fariearre wetten.

Grou, yn ’t klassemint de earste,
rekke yn it waar fertiisd,
waard nei it lêste plak ferwiisd
troch allerhande grille geasten.

De liuw koe ’t mei de geasten fine,
smiet it op in snoad akkoart,
wie hearsker oer de hiele float
en liet syn ljocht mei bliksem skine.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum