Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Abraham

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn stien stiet op it Snitser hôf,
it joadske, deaden fan de âlde stam,
dêr’t hjoed de snie de skande wisket;
it lyk, sawat in ieu al stof,
wie yn it libben Abraham.

Syn foarfaar Abraham út Ur
waard roppen op te brekken, mei syn stam
te reizgjen sûnder dat se wisten
wêrhinne, dochs de skieppeboer
kaam feilich oan yn Kanaän.

Hoe feilich wie it Snitser gea
foar Abraham doe’t hy noch jonge wie,
syn reizgjen kinne wy net witte;
mei tweintich jier wie hy al dea,
te ier briek ôf syn libbenstrie.

Syn stien, mei sin ek brutsen, riist
de hichte yn, mar ek de himel swijt,
dy’t spriek, sadat se eartiids wisten
dat God de minske paden wiist,
mar net yn Snits syn wei fernijt.

Image

admin

Our day

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In plastic pûde, tsjuster as de nacht,
leech yn it gers, want op dit stee
stiet nimmen jûns op wacht,
dus wie it hjoed your day.

Image

Der siet fan alles yn, ek energy,
want troch de dei wie ’t net ferkeard
om yn te drinken, sa
feroare hjoed de sleat.

Image

In plastic pûde, ljochter as de nacht,
foar ’t heinen fan de drippen ree,
lei klear foar nije fracht,
want hjoed is ’t our day.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum