Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ut freonskip ûnderweis

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Job hie trije maten:
Bilhad, Elifaz en Sofar
kamen oan de weet
dat syn bedriuw wie wei,
sy praten oer syn leed.

Mei har trijen reizgen
Bilhad, Elifaz en Sofar
nei it lân fan need;
begrutsjen brocht elk mei,
it praat gie oer syn leed.

Ut ‘e fierte seagen
Bilhad, Elifaz en Sofar
Job bleat yn it stof;
de ein wie derfan wei,
’t wie ’t leed dat harren trof.

Droege moude struiden
Bilhad, Elifaz en Sofar
fan fertriet op ’t hier;
de skuorde mantel lei
nêst har, troch ’t lijen skier.

Om Job hinne sieten
Bilhad, Elifaz en Sofar
dagen, nachten… seis;
sa wie de freonskip mei
syn lijen ûnderweis.

Image

Yllustraasje ‘Job en syn freonen’

admin

Op ‘e hûd slein

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Blake*

God rôp syn hof wer by elkoar
mei ingels, diskear minder lûd,
ek satan wie yn it fermidden,
grutsk fanwege Job syn neare noed,
dêr wie hy ienkear duvel foar.

‘Ik swalke oer de hiele wrâld,’
sei satan op ‘e fraach fan God,
dy’t dêrnei opjoech fan Jobs dragen
sûnder mar ien flok oer ’t swiere lot,
syn lijen liet de duvel kâld.

‘Gjin wûnder, mei in sûne lea,’
sei satan, ‘sjongt er mei yn ’t koar,
‘mar siik sil hy Jo grif ferflokke.’
Mei sok praat, dêr wie hy duvel foar,
ek mei de die, de twadde kear.

Doe sloech de satan Job syn hûd
mei swolms, fan holle oant de tean,
sadat er mei in diggel skrabe
middenyn de jiske, sûnder klean…
oer God spriek hy oars net as goed.

Image

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Job yn de jiske’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum