Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winnende bloednoas

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

De striid wie brûzjend op it wetter
mei it skom foar noas en wang
nei ’t paradearjen yn in slang,
it twagefjocht kaam folle letter.

Earst wie de bloedstriid mei de loete,
dy’t ien rekke op ‘e noas,
sa’n slach yntern wie hiel wat oars
as twa protesten mei ien boete.

Image

Nei ’t akkefysje op it liuwke
kaam de striid deun by de wâl,
de Pan sloech ta, it like mâl,
twa boaten krigen in lyts triuwke.

De liuw en Pan ha ’t fûlste striden,
earst op ’t wetter mei protest,
yn ’t swithok folge fluch de rest,
de liuwenoas hold op fan blieden.

Image

admin

Stoarm op De Lemmer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

De nije skipper fan De Lemmer,
Ale*, oars sa kalm as wynkrêft twa,
fernaam it spande trijedûbel,
by himsels en by de Reyenga’s,
wat wurke net, mar remme.

De beide soannen fan heit Jelle**
koene Ale wol as skipper sjen,
mar foar ’t gefoel foar heit wie ’t dûbel,
want itselde bloed krûpt ek by bern…
wa soe har dat fertelle?

De skipper hat it roer yn hannen,
ek by wynkrêft njoggen op ‘e wâl,
syn taak is soms wol trijedûbel;
’t bearde yn de kop fan Ale mâl
en ek by beide soannen.

De stoarm bedarre, elk koe ’t fiele,
by krêft fjouwer woe De Lemmer sile.

Image

* Ale Zwerver
** Jelle Reyenga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum