Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sterke Rixt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

In sterke frou kin hiel wat lûke:
hûndertfjirtich manlju út ‘e wâl
en fierder nei de Sânemar;
’t giet sterke Rixt net gau te mâl,
dochs sil gjin man har hjoed misbrûke.

De Pan kin yn de striid wol gûle,
mar gjin sleep mei Rixt de Snitsers jaan,
want skûtsjesile is har kar;
de trim moat it no ienkear dwaan,
oars reitsje skippers op ‘e doele.

Image

De Heale Moanne wurdt ljochtmoanne
as it earste skot oer ’t wetter klinkt
en fûsten yn de hichte gean;
sels Frits Philips, de âlde, blinkt,
foar ’t skip de finansjele boarne.

Image

admin

Hottefylje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

Op ‘e Feanhoop yn de file
as de wyn net wol sa as it moat,
dan is it rak te smel en koart
en kin gjin skûtsje frijút sile.

Letter is it ek net slagge,
giene tûke skippers net frijút,
guon skûtsjes joegen tút op tút,
ek oan it startskip mei de flaggen.

Image

Kuolje moatte hjitte hollen,
mar soks is net sûnder risiko,
in skûtsje hâldt net samar ho,
in lûde tút is ien tefolle.

Image

Op ‘e finish wie gjin file,
mar foar ien en twa* wol skot op skot,
de útslach siet folslein op slot,
se ha noch oeren hottefile.

* De Lemmer en Grou

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum