Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sierkoraal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hat de stêd in plakje foar ’t koraal
dat thúsheart yn de oseaan
foar kilometerslange kusten?
Faaks fertelt de Switser syn ferhaal
troch faker mei it roer te slaan.

Image

’t Wie gjin beamstam dy’t de Ryn ôf foer
mei peddeljend de Batavier
nei ’t lege lân fan wiete lusten;
’t wie in megaboat mei folk dat djoer
it libben kocht foar inkeld sier.

’t Sierkoraal moast noch in plakje ha
foar pampus oan de Snitser kaai,
sa tusken wurkskip en in klipper;
’t wrotte nei de wâl, ferkrong dy twa
en pronke foar al wer in dei.

Image

admin

Bloeispoaren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin winterspoar is mear te sjen,
want wiskjend kaam de maitiid oan
mei lûd en kleur noch licht fan toan,
it libben yn de trant fan bern.

Image

It hynder joech syn spoaren ôf
as ’t grutte hoefblêd op ‘e klaai,
it rôze fan de iere dei,
it bloeien fieden troch de dau.

Image

Mei ’t hoefspoar tusken tegels yn
begjint it libben hurd as stien
mei hope op in tiidlang grien
en ’t rôze weagjend op ‘e wyn.

Image

De minske makke ek in spoar,
dat noch wat fan de winter seit:
in leelje by it deade reid,
dy bloei giet glêshurd nea ferlern.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum