Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Publike ôfkear

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

It kin net sûnder wâlpublyk,
dat mei de eagen ’t startskot jout
foar fjirtjin skûtsjes, tagelyk
it tou los yn it Grytmansrak,
dat mei de wyn gjin wedstriid bout,
it startfolk hat gjin gaadlik plak.

It skipsfolk hat de smoar ek yn
oer op ‘e Ie it hinne wer
mei yn de seilen minder wyn
as wenstich foar it skippersfak,
mar Allard blinkt as skûtsjestjer,
hy glydt foar ’t earst nei ’t earste plak.

It kin wol sûnder boatpublyk,
dat achter reade boeikes leit
mei ’t each op: jou ús mar gelyk
dat pils jout folle mear gerak
as dat it silen ús wat seit…
leit Drachten net op ’t lêste plak?

Image

* Allard Syperda

admin

Bearend Bink

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Wa  hâldt sa’n earste wedstriid net fan Grou?
It is in heale ieu tradysje
dat de searje dêr begjint;
hoewol’t de Tynje eaget nau,
wa wol it túch net op ‘e Pikmar hysje?

Image

Wa hâldt dy earste wedstriid net fan Grou?
Al tolve kear wie Mink net earste,
hy giet lykwols troch foar bink;
hoewol’t de Tynje eaget nau,
in bink is breed en stribbet nei it measte.

Dêr sylt er tusken ’t Fean en Ljouwert yn
de Tynje út, it kin net better
en net breder… oft er wint,
wit inkeld noch de wikselwyn,
hiel leavjend Grou fernimt it efkes letter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum