Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hingjende moedfear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat is in ein no sûnder túf,
sa wie swart-wyt syn tinken
troch de winter hinne op it iis
en yn it wek om wat te drinken.

Image

In misstap brocht him fan de wiis:
hy stjitte tsjin de râne
dy’t him skerp snie yn de linkerpoat,
sa kaam er op it iis telâne.

Dus isolearre fan de float
fan eigen túfke-einen,
liet er hingje wêr’t er grutsk op wie,
syn moedfear… koe noch ien him heine?

Image

Wol trije markols wisten rie:
‘Kom fluch nei ’t iepen wetter,
want de winter lûkt de poaten út,
de maitiid leit mei ’t aai ús better.’

Dus naam it eintsje it beslút
om nei it wek te gliden,
wylst de markolblessen joegen hoop
op betterskip en ljochte tiden.

Image

admin

Keapmans wiisheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is de keapman fan âldizer
dy’t se fan it slopen sparre hat
en fearn nei ’t eigen domisily,
om’t er seach dit wurdt wol wat,
him makke it ferline wizer.

Hy hie in eigen definysje:
wiisheid makket fan it âlde nij,
lit moaie foarmen yn har wearde,
wat ûnsjoch is jout men frij
oan rust, dus net it seil mear hysje.

Se lizze kop oan kont, bewize
dat de keapman helle syn gelyk
út moaie en ûnsjogge foarmen:
kreaze konten meitsje ryk,
fan pûstekoppen moat men grize.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum