Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De tredde

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

De skipper hie in eigen skip
en trije soannen mei oan board,
dy’t learden troch de eagen,
want de heit joech nea in tip,
mei hert foar silen waard wol scored.

Op Starum sylde hy foar ’t lêst,
omdat it hert yn staking gie
en nea wer sloech foar ’t silen;
trije soannen, yn berie,
dy stelden de posysjes fêst.

Elk trettjin jier as skipper oan
it roer, sa gie de hertslach troch;
nei seisentweintich jierren
wie de tredde der doe noch,
yn ’t skippersfak folslein bedoarn.

It bloed fleach yn de ieren om
lykas yn ’t hiele skipperslaach
fan heit mei trije soannen;
mei in koeltsje en in flaach
gie Ypie* trije kear foar rom.

Image

* Ypie van der Meulen

admin

Wrâldwiid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Hoe’t it kin, It Hearrenfean dwerstroch?
In skip op weagen fan tradysje
leit yn twaen foar de striid,
net om ‘e nocht, want hear en sjoch:
de nije skipper tinkt wrâldwiid.

Allard* sylde oer de oseaan,
yn syn bestean in revolúsje,
fan it âlde rjochting nij,
hy foer net foar in fêste baan,
dochs kaam feroaring yn it tij.

Fan Fiji fleach hy nei ’t Fean
om oer syn nije baan te praten:
skipper fan it âlde skip,
grut kampioen yn syn bestean,
mar Allard miste noch de grip.

Dêrom moast it âlde skip dwerstroch,
lang as in syljacht foar de faasje
op ‘e Pikmar yn de striid,
mar ’t heechste stribjen wie omdoch,
de nije skipper tocht te wiid.

Image

* Allard Syperda

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum