Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldferhaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se leine moannenlang yn ’t iis,
mar no is ’t winterwurk wer dien,
it skinen as in stjerrebyld,
gjin fisken, walfisk of dolfyn,
mar wol fan ’t skûtsje dat dêrboppe riist.

Image

Se lizze útklaaid by it byld
fan Snits, sa ûnder stjerren wrâldbekend,
no heger as de mêst yn rêst,
de wetterman is dat net wend,
wit hjoed wer hoe’t syn eigen hichte fielt.

Image

It rûne byld sit yn de mêst,
de ringen fan al wer in jier,
oars as in ivich stjerrebyld;
de sirkelgong is libbenswier,
fan ’t simmer sile skûtsjes wer foar bêst.

admin

Miljoenen winners

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ierde lei lang yn it tsjuster
fan rampen yn de tiid
út eigen djipten
wei en ek troch striid,
mar dat wie juster.

Image

De lange nacht triuwt hjoed de sinne
de hichte yn, gjin ljocht
komt út ‘e djipte
noch, kin ien ’t gefjocht
úteinlik winne?

Miljoenen ienen dy’t it witte:
ik, winner, doch it goed,
mar sjoch de sinne,
want dy kleuret bloed,
miljoenen dy’t der net mei sitte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum