Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin ûngelyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch beskermet blau de enerzjy
tsjin waar en wyn yn ’t leechseizoen
en leit de willedeiboat winterfêst,
mar ’t moarnsread hat syn paad al fûn
en skampt oer ’t hout nei ein-en-dy.

Image

Beide baaie yn it sinneljocht,
dat klaait har ek yn brulloftsklean,
it djippe blau fan spegels kleuret rêst;
’t hat fan posearjen sa’t se stean,
mar komt it feest hjir ta syn rjocht?

Dan feroaret rêst yn dynamyk,
it waar sprekt fan it heechseizoen,
de wyn besjongt de leafde foar it nêst,
it briedplak nei it trouferbûn,
dat brekt, want beide ha gelyk.

Image

admin

Byldferhaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se leine moannenlang yn ’t iis,
mar no is ’t winterwurk wer dien,
it skinen as in stjerrebyld,
gjin fisken, walfisk of dolfyn,
mar wol fan ’t skûtsje dat dêrboppe riist.

Image

Se lizze útklaaid by it byld
fan Snits, sa ûnder stjerren wrâldbekend,
no heger as de mêst yn rêst,
de wetterman is dat net wend,
wit hjoed wer hoe’t syn eigen hichte fielt.

Image

It rûne byld sit yn de mêst,
de ringen fan al wer in jier,
oars as in ivich stjerrebyld;
de sirkelgong is libbenswier,
fan ’t simmer sile skûtsjes wer foar bêst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum