Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Komplot

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De swarte hintsjes fan it reid
mei reade snaffel, wite sturt
ferkearden hiel de lange winter
yn de stêd ta eigen nut,
omdat de lijte har wol leit.

En doe’t de maitiid einlings kaam,
kriich elkenien ’t hormoaneshot
mei as gefolch in lange sessy,
dy’t ûntaarde yn ’t komplot
fan stikem farre mei de faam.

Image

Soks gie net sûnder slach of stjit,
dus ien stie op ‘e peal op wacht
en soe by ûnrie sturtsjewippe,
wylst de ploech mei man en macht
de boat ferloste fan it spit.

Dy aksje joech de keardels hoop
op ek in goed ferfolchtrajekt,
foaral om mei de faam te frijen,
mar se ha har flink ferrekt
fan ’t skuorren oan dy iene knoop.

Image

admin

Spikerfêste opgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ierde hat net skodde,
want yn Nederlân leit alles fêst,
de ierde sels en sels de banken,
ien fuort jout net folle lêst,
allinnich foar dy’t altyd bodde.

Image

De lytsen sille bouwe,
ek wannear’t de bank net mear bestiet,
al is it ek mei âlde planken,
alles wat de ierde biedt,
sy sille it nei boppen sjouwe.

En as de stoarmen beare,
gunne bodders mei har hûs gjin rêst,
dan liket delgong har te wanken,
dochs sit altyd spikerfêst
har opgong, troch gjin krach te kearen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum