Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Holofernes en Judit

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Image

Dit is ’t ferhaal fan sterk tsjin swak
en letter folge swak tsjin sterk,
earst Holofernes, generaal,
doe widdo Judit mei ien haal,
sy houdo fleanend mei ien flerk,
hy kriich as bloedearn syn gerak.

It wie in tiid fan arrogânsje,
’t fûle stribjen nei in machtich ryk,
sjedêr Nebûkadnessar,
wa maalt der dan noch om in lyk,
geweld is de wizânsje,
hjir meldt him Holofernes.

It wie in tiid fan djippe rouwe
foar de widdo om har leave man,
syn namme wie Manasse;
sy giene troch foar lokkich span,
men koe op har fertrouwe…
en Judit wie har namme.

* Donatello (1386-1466)
Byld ‘Judit’ yn Palazzo Vecchio te Florene

admin

Pûrimfeest

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Aert de Gelder*
fan ûnbekend**

Mordekai begûn dêrnei te skriuwen
oer dy skiednis, ek in brief gie út
mei ’t freugdefeest as einbeslút…
wat west hie, moast yn eare bliuwe.

Op twa dagen soene Joaden fiere
’t Poerimfeest, sa neamd nei Pûr, har lot,
de fijân op it lêst ta spot,
nei ’t swiere lot begûn it wiere.

Image

Ester sette har dêrnei ta skriuwen,
harke skerp nei rie fan Mordekai,
foar ’t Pûrimfeest kaam earst geklei,
dy utersten soe elk op driuwe.

Soe it lot fan Joaden ea fergetten
wurde, dan klinkt inkeld noch geklei,
’t ûnthâld liedt ta de freugdedei,
dy’t altyd noch ferleit de swetten.

Image

* Aert de Gelder (1645-1727)
Skilderij ‘Ester en Mordekai’

** Foto ‘Pûrimfeest’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum