Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit sprekt ta

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Yn ’t alderdjipste lijen
wie mar ien dy’t útkomst seach:
in widdo mei de namme Judit,
sy hold op God en stêd it each
en soe it stedsbestjoer net mije:

Jim ha gjin rjocht dien oan de Iene,
want Him twinge litte, docht Hy net,
hoe kinne jim dat útstel miene:
fiif dagen wachtsje as wie dat in wet,
mar wit, gjin straf komt fan de Iene,
want wêr is in ôfgod yn ús stêd?
God hifket oft wy it wol miene
dat Hy op syn tiid ús rêdt.
Lit ús de rêding sa ferwachtsje
dat Hy omsjocht nei ús bern,
de fijân sil gjinien ôfslachtsje,
de timpel giet dan net ferlern.

It stedsbestjoer liet witte,
’t wie wol wiis wat Judit sein
hie, mar it folk koe noch net drinke;
de fraach wie: bid hjoed noch om rein
om wetter troch de kiel te jitten.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Judit’

admin

Betylûa útdroege

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Hoefolle learzens hawwe stampt
en tsjillen hompend rôle
fan Holofernes optsjend leger
mei in slim strategysk ramt,
it wie yn ’t mâle.

In generaal hie soks betocht
om eigen folk te sparjen:
‘Gjin striid, beset de wetterwellen
fan Betylûa, ús rjocht
om sa te narjen.’

Gjin wetter kaam mear yn de stêd,
’t rûn út op lêste drippen
foar bern, se moasten dy wol telle,
gjin folwoeksene waard sêd…
mei barsten lippen.

De minsken slofken nei it plein
om by ’t bestjoer te kleien:
‘Jou ’t oer, in slaaf hoecht net te stjerren!’
‘Noch fiif dagen,’ is doe sein,
‘ús lot kin draaie.’

Image

* Bibelske keunst fan Azor masters
Yllustraasje ‘De boargers fan Betylûa
kleie oer in tekoart oan wetter’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum