Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Befrijingsdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Mei de earms de hichte yn
de fijân yn de eagen sjen,
dêr’t wreed it tsjuster hearsket,
klap nei klap as wied er blyn
foar ’t skeinde stal dat neat mear kin.

Heech de earms, mei lûd jûchhei
wurdt fierd it feest, elk oan te sjen
no’t frijheid hearsket ûnder
’t klappen fan foargoed foarby
it âlde sear, hjir komt it bern.

Image

Fielend foar in nij begjin
fan frede jouwe sy har del,
tenei wurdt nimmen romme,
rom is ’t hôf dêr’t alles kin,
sa nêst swart-wyt in kleurich fel.

Image

admin

Stiennen tille

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Heech riist op de stiennen tille
fan it folk as dowen nuet,
dat libbet nei in lange flecht
ferskûle yn deselde buert
it lêste eintsje mei wat wille.

Wille om ’t ferskaat oan foarmen
oan ’t gebou en op ‘e grûn,
fan arsjitekten djip trochtocht,
en hegerop is ’t oansjen rûn,
dêr hat it folk syn eigen noarmen.

Noarmen foar in elk trochskinend,
optild nei in heger plan,
foar ’t dowefolk sa klear as glês,
noch altyd yn de hege ban
fan loft en fleanen, mar no binend.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum