Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deade rite

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is sawat safier,
al foar de tsiende kear:
de rûnte yn it wetter
leit foar it ritueel al klear,
de delgong stjerrend wier.

De poel fan it ferdjêr
lit grien it libben sjen,
as spegel kin ’t net better,
mar dêrûnder giet ferlern
wat rikte nei de stjer.

Image

It is al jierren lyn,
lûd kreunend kaam er del
as waard er sjoen as ketter
dy’t ferdronk, foar him in hel,
sa stadich sonk er yn.

Hy hinget mei de krún
sawat al yn it wiet,
it wurdt net folle letter
of dêr klinkt it riteliet
en kleuret grien al brún.

Image

admin

Mei it each op ‘e takomst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se wie doe acht en siet yn ’t grien
mei beide fuotten tichtby ’t kroas,
dêr’t kikkerts songen yn in koar
har ta, it klonk sa oars as oars,
want liet en bylden waarden ien.

De fantasy rûn oer nei kij
dy’t kôgen foar de twadde kear
as stille bylden foar in oar,
sy hie de hân al by it ear
en ’t each die dêr de takomst by.

Dêr stiet sy, farrend op ‘e boat,
ús dochter nei sa’n tweintich jier
as breid mei yn ’t gehoar it koar
fan hiel de wrâld leit net mear fier,
mar kikkerts sjonge yn har oard.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum