Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldtaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se ha de jierren al trochstien,
noch altyd sit de groei deryn,
de stammen út ‘e sûne stam
mei tûken wiuwend op ‘e wyn,
eufoarysk libben út it sie ûntstien.

Image

Sy binne foarme troch de brek
fan hege rotsen mei geweld,
de stiennen op it alderskerpst,
in byld dat faak foar ’t minskdom telt:
de punten dy’t it skeine troch de stek.

Image

Se drage kroanen fan it grien
dat sjongt it liet de himel yn,
de goede tiding dy’t de skepping meldt.

Sy stekke flymjend út ‘e stien,
net fetber foar de geast fan wyn,
in byld dat oan de himel wetten stelt.

Image

admin

Ferlern

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

Hy wie noch yn de wintersliep
doe’t ûnder him de ierde skodde,
’t hie wat fan in meunster dat him griep
en om him hinne reinde ’t modder.

It lânskip, net om oan te sjen,
wie rûnom hurd, alhiel ferstienne;
’t simmerperspektyf gie rap ferlern
as kamen wolken foar de sinne.

Image

Hy koe noch krûpe, seach yn ’t rûn
wer perspektyf foar oare tiden,
lokkich wiene alle stikels sûn
om by gefaar foar him te striden.

Al is de hope noch sa grien,
gjin skerpe stikel kin it winne
fan rap rubber, wreder noch as stien,
as kamen wolken foar de sinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum