Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit yn de pronk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wie der kreazer frou as Judit
yn de pronkklean en mei sier
fan hollekrún oant fuotten?
Mei de tsjinstfaam gie sy op ‘en paad
nei Holofernes, spand wie elke spier,
mei him foel net te spotten.

’t Wie net fier, ’t gie by de berch del,
mar ynienen wie it ho,
dêr stie in foarpost, de soldaten
fregen wat sy diene op ‘en paad,
doe spile Judit dêr foar fredesdo,
sy rêde it mei praten,

Judit makke djippe yndruk
mei de pronk en kreaze lea,
sy moast har by de stêf sjen litte,
daliks waard sy nei de tinte laat
fan Holofernes, dy’t noch lei foar dea,
dochs woed er ’t nijs wol witte.

Wie der kreazer frou as Judit,
dy’t foar Holofernes stie,
net spand mear, stevich op ‘e fuotten,
’t moedich wêzen lei ek yn har aard,
sy fielde oan hoe’t hjir de tastân wie,
mei har foel net te spotten.

Image

* Yllustraasje ‘Judit falt del foar Holofernes’

admin

Judit bidt

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Judit liet har op ‘e knibbels falle,
struide jiske op it hier,
lei ôf de klean en alle sier
en bûgde foar de bea de bange holle:

Heare God, de skeinde fammen,
te skande makke yn dit gea
troch foarsten, ûnbeskamme,
rûnen mei besmoarge lea,
mar Jo ha ’t leed fernommen
en diene skeinders oan de dea.
God, myn God, Jo ha de tiden,
takomst, hjoed, ferline yn de hân
en seagen ’t grutte leger kommen,
machtich as de kerrels sân.
O Hear, wol tsjin de grutskens stride,
jou myn lippen fluenske wurden,
dat in frouljushân mei skerpte slacht,
sadat de swakken holpen wurde,
Heare God, oan Jo de macht.

Mei har faam rûn Judit troch de poarte,
’t wie doe middenyn de nacht
en wylst de stilte hold de wacht,
wist sy, it foarstlik libben wurdt ynkoarte.

Image

Yllustraasje ‘Judit op ‘en paad nei Holofernes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum