Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oars

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne oars as oars,
sa wurdt der sein,
want polyfalken
snije troch de weagen
mei har skerpe noas
en sile as in trein
yn poly-eagen.

Se binne unifoarm,
sa wol men ha,
dat polyfalken
krije wol in teken:
’t nûmer is de noarm
yn ’t rychje, dat no sa
en wis foar leken.

Mar oan de oare kade leit in tsjalk,
dy’t eartiids oer de weagen klapte,
mei ’t katoenen túch de wyn beflapte,
sa unyk as ek it skippersfolk.

Image

admin

Beamakrobatyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Besopen kaam de kliber út ‘e stêd,
lavearre âljend oer de strjitte
mei de blaas en pânse fol,
ien slingere om stam en blêd,
in oare miigde heech, syn wiete rol,
de tredde koe de droege knak net litte.

It wie in oare kliber yn de stêd
dy’t fan de beam syn wenplak makke,
friet de magen barstend fol,
de tûken rekken sûnder blêd,
de stam lykwols bleau yn syn hege rol
en fielde hoe’t de triedden stadich sakken.

Image

De tûzen akrobaten fan gewicht
feroaren linich fan posysje,
sieten samar yn har rol:
se slingeren mei helder sicht
wyld hinne en werom ek foar de lol,
mar sûnder de sirene fan de plysje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum