Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brûze op lân

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

It moast wol heve, ’t koe net oergean,
twa jier lyn kaam al de hint:
foar Grou in skûtsjemonumint,
stiel op ’t wetter, brûns op ’t lân.

Wat yn de skiednis wie, moast trochgean:
skûtsjes sylden earst op Grou
en bleauwen oan tradysjes trou,
striid op ’t wetter, feest op ’t lân.

Wa’t stiel ha wol, moat ta de bûse,
mar it brûns hat ek syn priis,
wol santichtûzen, ’t is in griis
foar in skûtsje op it lân.

De Grousters lieten sinten brûze,
’t kampioenskip joech de wink,
mar foar de G wie ’t âlde Mink*
dy’t it heve liet op ’t lân.

Image

* Joop Mink, âld-skipper fan Grou

admin

Sa’t National Geografic wol

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

De koppen komme kreas derop
en Ivo Niehe sil it dwaan
foar National Geografic,
elk skip sil op ‘e tromme slaan,
de flagge fljocht yn top.

Foar kreaze koppen is gjin sint,
reklame moat de trochslaan jaan
fynt National Geografic,
it is mei bylden wol te dwaan,
want wrâldwiid wurdt de hint…

… om nei it skûtsjesilen ta,
fan bylden nei de werklikheid
sa’t National Geografic
wol hawwe wol, it is in feit
dat Fryslân fynt: ‘No sa!’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum